lirik lagu sample text - underfining (liet ferzje)
[intro]
de winner fan de tekstpriis
it is sample text mei underfining
en it giet dus oer hoe sprekke wy frysk
is it min frysk, is it geef frysk
is it slim
heech tiid om it mei syn allen dêr oer te hawwen
[verse 1]
grutske fries oant de dea oan ta
dat sit yn it bloed, dêr kin ik neat oan dwaan
ik kom út súdwest, út it waarme hert
en se prate hjir frysk mar eins krekt ek net
dus lit my dy fertelle hoe’t se hjirre wol prate
yn plak fan reedride sizze se skaatse
ik hear hast gjin hast mar allinne mar bijna
ik ha in boskje kaaien mar dat is net wat sy ha
nee sleutels, is it de bosk of it bosk
silst nei de tandarts foar dyn losse tosk?
is it sjen litte, of is it litte sjen?
it is net erg tûk, it is tige slim
is it ûngefear of is it om~en~de~by?
en folgens my is it neffens my
yn de fryske taal is it as, net dan
dêr stiest fan te sjen, of net dan?
[chorus]
se hawwe it noait leard of se witte it net mear
want snijt it dêr, no dan sniet it hjir
dit is net in opfetting, dit is net in miening
harkje goed, dit is in ûnderfining
se hawwe it noait leard of se witte it net mear
se binne “moai fuort” mar se staverje it ferkeard
dit is it lot, de fryske ferdwining
harkje goed, dit is in ûnderfining
[verse 2]
sy fine it leuk, mar ik mei der net oer
en dan slaan ik skriuwfeardigens ek noch ris oer
nim neil en nagel, spiegel en spegel
faker fout as goed is hjirre suver de regel
is it folle plezier of in protte wille
net fytse gean mar fytse sille
en froeger is gjin frysk, mar it is foarhinne
je kin je net fergisse, want it is fersinne
net rekkening mar rekken, it is ynkoarte
en it is noait “binnenkoart” mar it is ynkoarten
guon sizze “ik ik” mar bedoele “ik ek”
oan it foute wurd “lústerje” ek gjin gebrek
soms brûke je lucht en soms is it loft
sy nimme in pauze, ik preferear skoft
wy binne net bezich, mar oan de gong
gjin skyt oan myn skunnen, mar oan de skuon
[chorus]
se hawwe it noait leard of se witte it net mear
want snijt it dêr, no dan sniet it hjir
dit is net in opfetting, dit is net in miening
harkje goed, dit is in ûnderfining
se hawwe it noait leard of se witte it net mear
se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard
dit is it lot, de fryske ferdwining
harkje goed, dit is in ûnderfining
[verse 3]
miskien in minne boel, mar lestich noch te kearen
en it is fan alle tiden, falt lestich ôf te learen
ik wol goed prate, net goedprate
dochs slaan ik sels ek in boel flaters
want ik skilje net, mar ik belje wol
en ik ademje wêr’t ik sykhelje wol
sa yts, sokssawat, soksoart’ dingen
tiidwurdoarder, ensafuorthinne
dus wat kin ik der eins wierlik fan sizze?
en moatte wy wol op alle slakken sâlt lizze?
talen haw altiten mei feroarings te krijen
wat is taalferfal, en wat is just fernijing?
litte ynslûpsels it frysk ferlern gean?
of stypje se de brûkberheid en dus it fuortbestean?
betsjut it oerlibjen, of ûndermining?
wat fine jo, fan de ûnderfining?
[chorus]
se hawwe it noait leard of se witte it net mear
want snijt it dêr, no dan sniet it hjir
dit is net in opfetting, dit is net in miening
harkje goed, dit is in ûnderfining
se hawwe it noait leard of se witte it net mear
se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard
is dit it lot, de fryske ferdwining?
harkje goed, dit is in ûnderfining
Lirik lagu lainnya:
- lirik lagu apling - upside down
- lirik lagu zoltán kodály - vejnemöjnen muzsikál
- lirik lagu alex antonov - il settimo secondo
- lirik lagu parkineos & ummo - más hardcore que yo no se puede ser (remix)
- lirik lagu well wisher (nj) - sweet
- lirik lagu rza - under the sun
- lirik lagu mic flammez - raccourci moulé paradiso
- lirik lagu debstar - growing pains (birthday freestyle)
- lirik lagu magdalena bay - chaeri (piano & strings)
- lirik lagu courtney hartman & taylor ashton - loving hands