lirik lagu sample text - gysbert
gysbert
[intro]
pieter, at ik elke kear nei pieter sjoch dan tink ik fan
pieter is eigenlik wol de man, dus hy mei dwaan en litte wat ie wol
[verse 1]
bin in piter as wilkens
in gysbert as j~piks
nochter en beskieden, behalve as ik bars spit
yn de memmetaal, omdat er yn gefaar is
foar it heitelân, asof ik leaver dea as slaaf bin
bied fryske nûmers oan sûnder dat еr fraach is
priizgje myn hoeke oan tot еr op ‘e kaart stjit
fyn my yn it bûtenlân asof ik sigrid kaag bin
fyn my op it sjûkelân asof ik wassenaar hjit
bin dan wol gjin keatser mar ik slaan asnoch foar master op
miks myn eigen beats en dêrnei slaan ik se foar master op
dalik gean ‘k firaal, ik bin gefaarlik beppe, pas der op
gean ik in terraske op dan moat ik mar in masker op
fettest my pas letter, neam it ynkubaasjetiid
kom mei dubieuze teksten, as in sinteklazeliet
hiphop yn it frysk, it is in eigenaardichheid
as er hjoed yn libben wie, is dit wat gysbert j~piks die
[refrein]
ja ik fiel my gysbert j~piks
hoe’t ik al dy fryske bars spit
ey ik fiel my gysbert j~piks
hoe djip de leafde foar de taal sit
ja ik fiel my gysbert j~piks
hoe’t ik al dy fryske bars spit
ey ik fiel my gysbert j~piks
hoe djip de leafde foar de taal sit
[verse 2]
“rap ‘s yn de memmetaal”, sis ik tsjin de jongerein
ja, elke fryske dichter wurdt ta strider ridderslein
ik begûn it foar de fun, no is ‘t of ik aksje fier
de pen is machtiger as ‘t swurd
sis ‘t mar net tsjin grutte pier
ja ik bin in grutske fries, mar je witte wat se sizze
j~piks hat it skreaun, “altyd thús is altyd finzen”
meastentiids tefreden soms ferset ik ek myn tinzen
ja soms bin ik yn grins en soms ek oer de grinzen
yn frankryk of sweden, ôf wêr’t je mar betinke kinne
kin dan wol it doarp ferlitte, nimmer de herinneringen
kinst in man út fryslân bringe, o~rs~nom kinst niks begjinne
wêr’t wy op de wrâld ik binne…
ik wurd in man fan kwizekwânsje, no al fierste treftich
dit jier noch om kofje? dat wurdt dan aardich lestich
kom ik nei dyn doarp, pull ik op mei blaasorkesten
ik wurd letter boargemaster, do wurdst letter bargemester
(oink)
[refrein]
ja ik fiel my gysbert j~piks
hoe’t ik al dy fryske bars spit
ey ik fiel my gysbert j~piks
hoe djip de leafde foar de taal sit
ja ik fiel my gysbert j~piks
hoe’t ik al dy fryske bars spit
ey ik fiel my gysbert j~piks
hoe djip de leafde foar de taal sit
[outro]
pieter kin echt syn momint útkieze
en dan giet der in soart knop om
en dan is pieter gewoan, dy giet der fol foar
~ it moaiste soe wêze as dy jonge gewoan noch fiif jier lang noch sa troch giet, of tsien jier, tot~
dy moat noait ophâlde eigenlik
Lirik lagu lainnya:
- lirik lagu parseh - killing industry 2
- lirik lagu cubbie & headless_data - cigarettes & daydreams
- lirik lagu ugly1hearty? - дежавю
- lirik lagu buffel - dawaj mi
- lirik lagu yng dafi & januarj - терпила
- lirik lagu gentleman - things will be greater
- lirik lagu frith hilton - crucifix
- lirik lagu yyy891 - air malaga
- lirik lagu cameo adele - wolf boy
- lirik lagu x1ebby - ninis