lirik.web.id
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu sample text - gjin heak

Loading...

[intro]
ey, ja
it idee wie eigenlik in bytsje spontaan
it wie eigenlik mear in grapke bedoeld, mar dat grapke is toch wol werklikheid wurden
ja, mar is it grapke noch leuk?
ja, it grapke is noch wol leuk

[verse]
sample text, bestiet er noch?
mhm, en hy hat in nije beat betocht
doch dit no in jier of wat
en stadichoan ful ik myn notysjeblok
ik siet yn parys oan de sipelsop
en myn spotifyjild wie ynienen op
dus no bin ik werom yn it fryske lân
en ik drop noch hurder as de skriezestân
ik bin op ‘e tekst, ja it giet mar troch
roppich as in foks yn in kipehok
trije oere moarns, ja dêr giet de klok
wylst ik hieltyd noch oan dit muzykje wrot
mhm, wer in dei gjin sinneljocht
mem hat gelyk, ik ha it fierste drok
it boekje is fol en de inket op, ey
ik gean ûkebakke, ik ha skjin myn nocht
ik ha projekten op ’e solder, krekt as eisinga
kultureel erfgoed wol ik meitsje sa
en jim sitte wat te sjen fan “koene wy dit mar”
no ik ha wol bars oer jong, do meist se ha
ik bin in fryske rapper op it ynternet
en der is gjin ferlet en ik ha gjin budzjet
en ek gjin sukses, mar it hindert net:
ik doch dit gewoan út plichtsbesef
wurdboek derby as ik de punten op de i set
skippers op ‘e wâl hawwe hoe dan ek feedback
wol de wrâld rêde mar ik fyn gewoan de tiid net
is it wer sa’n dei foar in pizza út it friesfek?
nick fury as ik de shankers byienrop
komme út it neat en we skodzje de scene op
clips goin’ hard, yeah, feel free to screenshot
sample text out
let the beat rock
[intermezzo: sample text, rients gratama]
wol aardich, sa wat koart guod
minsken moatte in bytsje faak klappe mar it is wol hartstikke moai eigenlik, hin?
ja jonge, ha we net noch sa’n flarde?
jawol
noch wol ien?
ja
sille we noch sa’n ding dwaan?

[verse 2]
back it up, want we bin der noch net
dizze trije minút tolve is myn simmerprojekt
jim prate stienkoalfrysk, mar dat doch ik soms ek
oars begripe jim my net
ik moat tinke om myn wurden as ik rap
us pake en beppe sjogge dizze clip ek
myn lytse neefkes leare elk stik tekst
en ik wol miskien letter op it stimbiljet
nee ik wit it noch net, mar ik ha de tiid, ey
presidinten wurde tachtich jier, ey (it’s true)
sels racisten wurde no minister
dus dat diploma kin by ‘t âld papier, ey
koe ik mar drave mei in bal as messi
wie ik fokaal mar begaafd as presley
hie ik as bern mar pianoles dien
dan hie ik no net mei in gelatoskep stien
hast in dream, bûke jei him nei
want de wrâld leit oan dyn fuottenein
foar alle dingen dy’tst leare wolst
hat immen wol tutorials, ey
siemen hjir hat it ek sa leart
en sjoch no hoe’t er ekselleart, ja
ut in grap is it eskaleart
mar we ha noch noait ús leske leard (nope)
pull up yn in twaddehâns carhartt jakka
sparje foar in pear piet parra patta’s
komme wy binnen, tinkt de barman “kassa”
skyn bedriecht, we binne sawat platzak
midnightsnack, ik wol raspatat ha
strak gesicht, mar typ “hahahaha”
fryske rap, it is in fak apart ja
ik bin yn foarm as in barbapapa
[outro]
(barbapapa)


Lirik lagu lainnya:

LIRIK YANG LAGI HITS MINGGU INI

Loading...