lirik.web.id
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu piter wilkens - knoopkes

Loading...

[fers 1]
fjirtjin wiene wy of fyftjin
âlder ha wy grif net west
do wiest by jim omke en muoike
‘k wit it allegear noch bêst

it wie simmer en ik fytste
hieltyd jim hûs foarby
do siest yn ‘e tún en lakest
ik wie stapelgek op dy

[refrein]
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau
knoopke ien, ferlegen probeare ik wat út
knoopke twa, do joechst my samar in tút
knoopke trije, ik hie it suver hast net mear
mar by ‘t fjirde moast ik wachtsje oant de oare kear
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau

[fers 2]
jûns dan wiene wy tegearre
wat wie it spannend elke kear
stikem stadich justjes fierder
elke jûn in knoopke mear
en ik fielde my sa lokkich
ik wie sa wiis mei dy
do liest my mar wat piele
en de tiid dy fleach foarby

[refrein]
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau
knoopke fiif, foarsichtich naam ik de tried wer op
knoopke seis, do wiest myn eigen leave pop
knoopke sân, ik hie it suver hast net mear
mar by ‘t achtste moast ik wachtsje oant de oare kear
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau

[fers 3]
doe’t jim omke ús trapearre
wie ús aventoer foarby
tolve fan de fyftjin
fierder bin ‘k net kaam by dy

[refrein]
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau
knoopke njoggen, ik aaide eefkes troch dyn hier
knoopke tsien, noch nea gie ik mei dy safier
knoopke alve, ik hie it suver hast net mear
mar nei ‘t tolfde kaam der noait mear in oare kear
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau
hiest in blûske oan mei knoopkes
fyftjin knoopkes lyts en blau


Lirik lagu lainnya:

LIRIK YANG LAGI HITS MINGGU INI

Loading...