lirik.web.id
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

lirik lagu piet woudt - enterprise

Loading...

jierren lyn ergens op ‘e jouwer
in pear manlju, it begong mei in stik of fjouwer
se hienen in moai plan “wy meitsje muzyk
mar earst moatte wy oefenje, yn it molkfabryk”

se moasten noch wol efkes spyljen leare
want se koenen noch gjin ynstrumint beheare
earst mar ris in basis repertoire
en dan dêrnei it echte wurk da’s net sa raar

it duorre net sa lang doе kaam de grutte spr~ng
se mochtеn op in skoalfeest oan ‘e gong
de famkes wiene wyld, songen mei by elk liet
mar de drummer fan de groep dy wie dêr favoryt

en doe kaam foar harren in drokke tiid
se spilen it iene nei it oare liet
fan monnickendam ta it amelân
en op in soad plakken yn it heitelân

mar op in dei wie it foarby
foar wibe, fonger, henk, tjinij
foar leo en ja ek foar pyt
it die ús allegearre in soad fertriet

mar fan enterprise bestiet noch altyd muzyk
dy is live opnommen mei publyk
soms draaie wy noch wolris dy cd
en priuwe dan dy sfear wer fan spyljen yn in kafee
jierren lyn ergens op ‘e jouwer
in pear manlju, it begong mei in stik of fjouwer
dat wie dan it begjin fan enterprise
en op it lêst doe wiene it der seis


Lirik lagu lainnya:

LIRIK YANG LAGI HITS MINGGU INI

Loading...